‘t Heareloazjemint is in âld fredich hotel yn it sintrum fan Harns, en it leit oan de ferneamde alvestêdenrûte. Eartiids waard it as stimpelpost brûkt. It hotel is om 1750 boud. Yn 1823 oernachte skriuwer Jacob van Lennep al yn dit loazjemint, út syn deiboek dat letter publisearre is, docht bliken dat er in tefreden gast wie. It hotel hat in rom opset sfearfol restaurant, in goeie keuken, in aardige bar, in terras en der is plak om de auto kwyt te reitsjen.
Wil van den Bos
Nicolette Koot
Johan Schop


